donderdag 29 december 2011

EGBERT in frij man















freget hja -sa'n fodze,
de ring fan de pôt noch
yn it efterein- wolst
myn kykdoaze ris sjen?
fansels, wa wol net de
wrâld op in taffelsbuordsje?
wat ik seach?

EGBERT in frij man -160- 291211

****** ******* ****** *******
vraagt ze –zo’n hittepetit
zo'n bakvis, ze komt pas kijken-
wil je m'n doos eens zien?
natuurlijk, wie wil er niet
de wereld in een pronkkast?
wat ik toen zag?

EGBERT in een vrijer vertaling -160- 291211

woensdag 14 december 2011

Egbert oan't skeuken?



















skeuke, wol wat oars
as skúfelje dy nije
pearingsdûns
soest dy net fergrieme
yn disko’s is it út
mei de kontkrûperij?
meist de famkes net
mear as rospeal brûke?

EGBERT oan 't skeuken? -160- 141211

****** ******* ****** *******

schuren
wel wat anders
dan schuifelen die
nieuwe paringsdans
je wrijft je maar
in disco's is 't uit
met de pret?
je mag de meiden niet
als schurkpaal gebruiken?

EGBERT aan het schuren? -160- 141211

maandag 21 november 2011

EGBERT oan it strippen?















fregest har mei
te swimmen
seit hja nee leave
ik ha in pûkelkop
stikelskonken en
in prikpoes
moat earst nei de
skientmesalon
om in brazilian strip 
falske skamte

EGBERT oan it strippen? -160- 211111

****** ******* ****** *******

vraag je haar
mee te zwemmen
zegt ze nee schat
‘k heb ’n pukkel
egelbenen en
’n prikpoes
moet eerst naar de
schoonheidssalon
om ’n brazilianstrip 
valse schaamte

EGBERT aan het strippen? -160- 211111
                


zondag 20 november 2011

Egbert oan it swartepytsjen


















sinteklazetiid
ek in hillich man
tinkt om bûsehifkers
de moderne pyt jout
syn seksy skoatpopkes
in wan bruien mei
de digitale klabats
soest himsels net opsekje?

EGBERT oan it swartepytsjen :P -160 - 201111

****** ******* ******* ********

't is weer sinterklaas
ook de schijnheilig man
let op buidelgraaiers
de moderne piet
geeft z'n sexy schootkindjes
billenkoek met de digiroede
gaan ze de zak in?

EGBERT de hulppiet :P -160- 201111

donderdag 27 oktober 2011

EGBERT oan it húskjen [in tryke]





















krekt efkes nei
it keninklik húske
west wêr't bennie
de smjunt fan oranje
ek syn stompe ein
mei skytpapier bewurke
der siet gjin
stankôfsluter op
de stjonkdobbe

Egbert op it húske - 160 - 271011

****** ******* ****** *******

net even het koninklijk loo
bezocht waar bennie de
schavuit van oranje ook zijn
billen met naadlint bewerkte
er zat waarachtig geen
stankafsluiter op de beerput

Egbert zit met een luchtje - 160 - 271011

****** ******* ****** *******

just dropped by the royal loo
where benny the bastard
of orange also used the
shitpaper to clean
his hindquarters indeed
there was no air-trap
on the sewage pit

Egbert smells something bad - 160 - 271011

zondag 11 september 2011

EGBERT yn trainingsbroek :P












op 'e sportclub de
krúswrotter ynsteld op in
oerke ôfslaavje mei grutte
tsjinwar skettert de
lûdsprekker it stjonkendloaie
liet fan bruno
mars 
hearkes it swingt

EGBERT hat de broek oan -160- 091111

****** ******* ****** *******

bij fitness de crosstrainer
ingesteld op een uurtje
weight loss met
grote weerstand
tettert de speaker box
de lazy song van bruno
mars 
omg this is great
swingen

EGBERT met de broek aan -160- 091111
the lazy song - bruno mars




zondag 4 september 2011

EGBERT de hurdfytser ;)





















ferslave oan it
hurdfytsen naait hy út
it seemslear yn it krús
sûnder sealpine
it sin befredige
in kilometerfretter
nimmen net riedet
de drank yn syn kontflesse

EGBERT de hurdfytser ;)
160- 040911

****** ******* ****** *******

verslaafd aan het fietsen
komt hij -zonder zadelpijn-
aan zijn trekken
rijdt hij met zeemleren kruis
zijn kilometers
niemand vermoedt de drank
in zijn reetbeker

EGBERT de wielrenner ;)
160- 040911

zondag 31 juli 2011

EGBERT kult











spytgnyskjend weikrûpt
efter in auto wacht’er
op foarbygongers
de kulslang oan in
ferhoalen triedsje
ferweegt ûnferhoeds
jongerein skrikbewâld
kostlik kjel makke

EGBERT kult :P -160- 310711

****** ******* ****** *******

met ingehouden lach
zit ie achter 'n auto
te wachten op passanten
de nepslang aan 'n blind
draadje beweegt onverhoeds
jeugdig schrikbewind
om je beurs te lachen

EGBERT shaket :P -160- 310711



woensdag 6 juli 2011

EGBERT krûpt ûnder de fodden?





















strâne
op in baailekken
leit se foar
myn taastend each
in moardfaam
twa kante meter
   gleon baarnde hûd
   fertel my, leave
   yn hokker mjitte
   drukst do
   dyn hjitte út?

EGBERT krûpt ûnder de fodden? - 160 - 060711

******* ******* ****** ******* ****** *******

gestrand
op een badlaken
ligt ze voor
m’n tastend oog
een moordmeid
twee vierkante meter
zongebronsde huid
vertel me liefje
in welke eenheid
druk jij hitte uit?

EGBERT tast toe?  – 160 - 060711



vrijdag 20 mei 2011

EGBERT is priemsk ;)


















se hat einliks
de ûnskeamele skuon
ris oantein en
lústere my seksy
yn it ear
dat se ek graach slikt
wylst ik fal op har
stilettohakken
falt sij op myn
nerdnikes

EGBERT is priemsk ;) - 160 - 200511

****** ******* ****** *******


eindelijk trok zij
de stoute schoenen aan
fluisterde sexy in m’n oor
dat ze ook graag likt
terwijl ik val op haar
stilettohakken
valt zij op
m’n kinky nerdnikes

EGBERT is kinky ;) – 160 - 200511


dinsdag 17 mei 2011

EGBERT de healegeare?




















foar sokke seksy titten
wol ik wol typlessen nimme
it tsienfingersysteem en
blyn, dan soe ik op 'e taast
sizze meie wat ik mei de
mûle net heal doar:
160 tikken


EGBERT de healegeare? -160- 170511

****** ******* ****** *******

voor zulke sexy tieten
wil ik wel tikles nemen
het tienvingersysteem
dan zou ik blindelings
kunnen zeggen wat ik met
mijn mond niet half durf:
160 aanslagen p/m 

EGBERT de geek? -160 - 170511


dinsdag 26 april 2011

EGBERT trochwiet fan it swit

















nei al dy bierkes
bearenboarchjes en
peaskeaaikes wurdt it tyd
myn bierbealch derôf te
trimmen en it liif grilklear
te krijen  foar it strân
wat no, heaterskjen?

EGBERT trochwiet fan it loaie swit - 160 - 260411

****** ******* ****** *******

na al die biertjes
tequilashotjes en gevulde
paaseitjes wordt het tijd
m’n smulpack grilklaar te
trainen voor het strand
m’n sixpack:
vechten tegen de bierkaai?

EGBERT nat van het luie zweet - 160 - 260411

vrijdag 15 april 2011

EGBERT de kâlde kikkert?

















de kikkertkût
driuwt glêzich
op it wetter
slimerich bewûnder ik
dyn donderkopke
do krijst in núvere
evolúsje
oan dyn eachbol
kin’k dy derút
:-X
bist myn prinses

EGBERT, de kâlde kikkert? 160 - 150411

****** ******* ****** *******

de dril drijft
jampotglazig
op het water
slijmerig bewonder
ik je donderkop
kwakkebol
na een extreme
make-over
herken ik je
aan je kikkeroog
:-X
jij m'n prinses

EGBERT, een koude kikker? 160 - 150411

dinsdag 29 maart 2011

EGBERT W8...? [in tryke]




W8…?

om dyn siedpunt te
ferleegjen hastdy
opsletten yn dyn
maagdenburger bol
net ûntfanklik mear
foar myn hjittens
en flaaikjen
ai myn magnetisme
is ûnwjersteanber

EGBERT lûkt oan :P - 160

****** ******* ****** *******

om je kookpunt
te verlagen heb je
je opgesloten in je
maagdenburger bol
in 't luchtlege
ongevoelig voor m’n
hitte en gevlei
m'n magnetisme is
onweerstaanbaar

EGBERT trekt aan :P - 160

****** ******* ****** *******

in order to lower
your seethe you're
hiding in your magdeburg
hemispheres in mating
rims of purity
insensitive to my
heat and sweet talk
beware of my magnetism

EGBERT's magnetic :P - 160




EGBERT charming :P - 160 

donderdag 24 maart 2011

EGBERT, de dekfeint
















de natuer hat him yn ‘e macht
hy boldert syn maitydsdûns
hy bûgt en knikt
nimt in dûkflecht
byt har yn ‘e nekke
fersûpt har heal
oant hy klear komt
de dekfeint?

EGBERT, de dekfeint - 160 - 240311

****** ******* ****** *******

door natuurdriften bezield
baltst hij zijn lentedans
buigt hij
duikt op haar
bijt haar
knechtend in de nek
verzuipt haar half
tot hij klaarkomt
dekking gezocht!

EGBERT, dekking gezocht - 160 - 240311

zondag 20 maart 2011

EGBERT mei maitydskriuwels





















beltsjelûke toudûnsje
bokjespringe stoepekrytsje
buorltsjeblaze tintehutsje
bouwe oer it linerak
túnsop siede ús oade
oan de earste maitydsdei
mei-sûnder-jas :D



EGBERT mei maitydskriuwels - 160 - 210311

****** ******* ****** *******

deurtjebellen touwtje
draaien bokjespringen
stoepkrijten bellenblazen
tentkleden over ’t wasrek
tuinsoep koken onze ode
aan de eerste lentedag
met-zonder-jas :D

EGBERT met lentekriebels - 160 - 210311

dinsdag 8 maart 2011

EGBERT op 'e skurte
















wol wis en pypkes!
myn undies koene
wol in upgrade hawwe
hja kocht my in heech
technologyske seksy
geek boksershort
mei opdruk: username>
password >
access denied

EGBERT op 'e skurte - 160 - 080311

******* ****** ******* ******

't is waar
m'n ondergoed kon wel
een opwaardering gebruiken
ze kocht me 'n hoog
technologisch sexy geek
boxershort met opdruk:
username> password> 
access denied

EGBERT aan de lapto:p - 160 - 080311

zondag 6 maart 2011

EGBERT is der mei yn 'e pronk
















hoe'st ek prielst en
pronkst mei dyn heech
opsteande plomsturt
pjukkend en lokroppend
wyfkes ymponearest
kalkoenske hoanne
do kearst my dyn
poddehierige kont ta 


EGBERT is der mei yn 'e pronk ;) - 160 - 060311

******* ****** ******* ******

hoe je ook pronkt en praalt
met je hoogstaande veren
pikkend en klokkend
je harem wilt imponeren
hanige kalkoen
je keerzijde draait mij
je nestharen hol toe oen

EGBERT zit er mooi mee ;) - 160 - 060311


vrijdag 4 maart 2011

EGBERT gjin poepert



do hiest dyn lytse kop
krekt boppe de grûn
okergiele foarjiersrook
docht hy syn miichsel
dy basterthûn
poazige kamûflaazjekleur
foar in bellefleur
gjin poepert!

Egbert -  gjin poepert - 160 - 040311

******* ****** ******* ******

jij hebt je gele kop
net boven de grond
tilt hij zijn poot op
die bastaardhond
pissige camouflagekleur
voor een bellefleur
mzzl dat hij niet poept

Egbert - wat een scheetje - 160 - 040311







dinsdag 25 januari 2011

EGBERT in handige jonge
























hjoeddeis binne famkes
der net mei in flueske
kosmetika elk tearke moat
botokst wurde elke
fetkwabbe leechslobbere en
omlaat nei de boarsten
ík ha genôch oan LL

EGBERT, in handige jonge :P - 160 - 250111

******* ****** ******* ******

misspoes je komt er niet
meer met wat make-up
elk rimpeltje moet gebotoxt
worden elke love handle
gesuckt en omgeleid tot
borstvergroting
ík heb m'n handen voLL

EGBERT, een handige jongen ;) - 160 - 250111

zondag 9 januari 2011

EGBERT oan it snjitterjen


















yn brussel krige hy syn
bernige boartlikens werom
wat koe hy grutsk wêze
op de lytse man, sjen
wa't it fierste komme
koe wat mient sa’n
pystich mantsje pis wol!




EGBERT oan it snjitterjen - 160 - 090111


******* ****** ******* ******



in brussel kreeg hij z'n
kinderlijke speelsheid
terug wat kon hij trots
zijn op z'n kleintje kijken
wie het verste kwam
wat meent zo'n naakt
wildplasserken wel!

EGBERT aan 't wildplassen - 160 - 090111